Frysk

As it libben net mear giet
sa ast hope hiest.
As dy sa’n protte ûntnommen wurdt.
Ast talitte moatst dat in oar foar dy soarget, en it libben net mear dyn libben is.
Dan komt der in tiid datst der yn berêst, dat de ein kommen is.

—–

Do hast fan it libben genoaten,
en wy fan dy.
Safier’t wy koene, binne wy mei dy meigongen.
No moatte wy dy gean litte.

—–

In nije dei, in skûtsje sylt foarby.
Spitigernôch moast do ek gean, mar do bliuwst altyd foar ús bestean.

—–

Wy wisten: op in kear sil it barre.
Wy wisten: op in kear sil sy der net mear wêze.
Wy wisten: de leeftyd is der nei.
Mar doch, in perioade is foarby, komt net werom.
Wy wisten it, mar dochs…

—–

It is en bliuwt ús heit,
de leafste fan de wrâld.
Ik wol him net graach misse
omdat ik fan him hâld.
Hy hat syn rêst no fûn,
dus lit ik heit mar gean.
Myn hert seit dat it goed is,
mar yn myn eagen blinkt in trien.

—–

Myn grutste gelok wiesto.
It moaiste fan ús tegearre
binne ús bern en bernsbern.
It dreechste wie it ôfskie.
Tink oan my, mar net yn tsjustere dagen.
Tink oan my, yn ‘e strieljende sinne.
Sa’t ik wie…, doe’t ik alles noch koe.

—–

Nea wer sil de sinne foar dy opgean
mar yn ús tinzen
sille wy altyd om dy hinne stean.
In soad wille ha wy hân en dan
samar ynienen bisto der net mear.
Dy misse moatte docht ús sa sear.

—–

As it libben net mear giet
sa ast hope hiest.
As dy sa’n protte ûntnommen wurdt.
Ast talitte moatst dat in oar foar dy soarget, en it libben net mear dyn libben is.
Dan komt der in tiid datst der yn berêst, dat de ein kommen is.

—–

As ik stjer,
lit fertriet dan net lang dyn himel fertsjusterje.
It is in feroaring, gjin ôfskie,
want sa’t de dea in part fan it libben is,
libje de deaden ivich fierder yn de libjenden.

Harkje nei myn fuotstappen yn dyn hert.
Ik bin net fuort, mar gewoan by dy!

—–

Gean litte.
Loslitte.
Loslitte yn ús libben.
Fêsthâlde yn ús hert.

—–

Mem, lyts wurd yn ienfâld.
Wurd, grut fan ynhâld.
Hân yn hân binne wy gien
oant de drompel ta.

—–

Ofskie nimme is
mei tankbere hannen oannimme,
al wat it oantinken wurdich is.

—–

As skylk de dei wer dei wurdt
gewoan as alle dagen,
elkien syn sin wer hat,
nochris oan dy tinkt by flagen.
Dan gûle wy ús triennen droech
en misse dy noch alle dagen.

—–